Hoofdtekst
Der binne guon, dy kinne wiersizze.
Ik wyt dìt der fan.
't Wie yn 'e krisisjierren. It wie in minne en nuvere tiid. Us heit wie op 't sûkerfabryk, dy hie wurk.
Klaes wie in maet fan my. Dy woe wol mollefange, mar hy hie net in houn. Myn broer sei: "Kinst wol sinten fan my krije foar in houn", mar dat woe Klaes net.
Hy sei: "Ik wol de sinten sels fortsjinje. Earst mar ris nei 't sûkerfabryk."
Mar né, dêr wie gjin wurk foar him. Op it strûpfabryk èk net. Foar my wie dêr ek gjin wurk.
Klae sei tsjin my: "Sille wy us nei in kaertlizter?"
Dat gong oan.
Dy kaertlizter sei tsjin Klaes: "Jim ha der op út west. Jim ha dêr en dêr hinne west. Mar dat is mislearre.
Mar der binne jo sinten oanbean. Dêr matte jo mei dwaen hwat jou doel is."
Doe kom ik foar.
"Jo binne mei 't selde doel fuortgong", sei se. "Mar 't wie mis, hè? Mar jo komme der àl."
"Kom ik àl op 't sûkerfabryk?" sei 'k.
"Ja", sei se.
Doe sei se tsjin my: "Nou matte jo oan hwat tinke; dan sil ik sizze, hwat dat is."
Doe tocht ik: Dan wol 'k fan 'e wike op in joun mei dat fanke.
Sy sei: "Hwat jo tinke, dat kinne jo wol dwaen, hear."
"Hwat is dat dan?" frege ik.
"Hwat jo tinke fan dat fanke, dat kin wol", sei se.
Dy wiersizter wenne yn Grins.
Twa dagen letter stjûrde heit in telegram: ik moest op 't Sûkerfabryk komme.
(Klaes hat der noait west.)

Beschrijving
Twee vrienden gingen eens naar een kaartlegster. Zij voorspelde hen dat ze snel werk zouden hebben op de suikerfabriek. Voor de een kwam dat uit, voor de ander niet.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 555, verhaal 2 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
24 januari 1969
Naam Overig in Tekst
Klaes   
Naam Locatie in Tekst
Grins   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21