Hoofdtekst
Yn Drachtster Kompenije wenne in frou, dy hie yn in koartstondige tiid twa bern forlern. It minske sukkele sels. Twa bern hie se oerhâlden, in jonge en in famke.
Doe wienen dy beide bern us oan 't boartsjen by 't sângat.
't Frommes dy't it my fortelde wie in suster fan dy frou.
Hja hie tsjin dy suster sein: "Nou is dat sjesa. Ik bin hjir net lang mear. Kinstû dan op 't jonkje passe?"
"Dû mei dyn jonkje," hie har suster sein, "der is ommers ek in famke."
"Ik bin hjir net lang mear", hie se sein. "Ik ha 't sjoen. 't Lytse famke boartet nòu noch, mar 't is hjir mei fjirtsjin dagen net mear."
Dy suster hie sa forbouwereard west, dat se wie fuort nei hûs ta gong.
Nei in fjirtsjin dagen wie 't famke stoarn en fuort dêrnei it minske sels.
't Wie krekt sa neikom lyk as hja sein hie.

Onderwerp
SINSAG 0486 - Andere Todesvorzeichen.   
Beschrijving
Een vrouw had in korte tijd twee kinderen verloren. Ze had nog een zoon en een dochter over. Ze vroeg haar zuster binnenkort voor haar zoon te zorgen. Zij zou binnenkort sterven, en haar dochter ook. Dat is zo uit gekomen.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 555, verhaal 5 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
24 januari 1969
Andere Todesvorzeichen
Naam Locatie in Tekst
Drachtster Kompenije   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21