Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ055917

Een sage (mondeling), donderdag 02 januari 1969

Hoofdtekst

Der wie in feint, dy kom fan Drachten. Syn faem wenne yn Burgum en dat wie in hiel ein rinnen snein-to-jouns.
Op in nacht, doe kom er wer by de faem wei, doe wie dêr in hear, mei hynder en seas, dy hie ek nei de faem ta west.
Dy moest ek nei Drachten ta.
Hy frege dy hear of er mei ride mocht.
"Né," sei de hear, "ik nim net ien mei."
Doe sei dy feint: "Jo keapje aenst dòchs in slokje yn de Pein, dan tref ik jo wol wer."
En sa wie 't ek.
De feint wachte salang oant de hear út 'e herberch kom.
"Mei 'k mei ride?" frege er.
"Né", sei de hear.
Doe sei dy feint: "Bliuw dan mar stean."
Doe koe dy hear mei gjin mooglikheit mei de seas fan 't plak komme. Doe't er seach, dat er it dochs forlieze moest, sei er: "Stap mar yn."
Sa krige de feint doch syn sin noch.


Onderwerp

SINSAG 0750 - Andere Zauberei.    SINSAG 0750 - Andere Zauberei.   

Beschrijving

Een kerel vroeg een heer om een lift in zijn rijtuig. De heer weigerde. De kerel liet de heer stil staan, totdat hij toegaf.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 559, verhaal 17

Commentaar

2 januari 1969
Andere Zauberei

Naam Locatie in Tekst

Drachten    Drachten   

Burgum    Burgum   

de Pein    de Pein   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21