Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ056001

Een sage (mondeling), dinsdag 17 december 1968

Hoofdtekst

Der wenne in feint by de boer. Dy wie de luije kant it neist. Hy hie in toverboekje.
Op in kear doe moest er nei 't lân ta to dongstruijen. Mar hy die neat. Hy gong gewoan yn 'e wâl lizzen.
De boer hie al in pear kearen nei him ta west om to sjen hoe fier hy wie. Mar de bultsjes stienen der allegear noch.
Doe't it hast iterstiid wie seach de boer dat dy feint syn boekje foar den dach helle. Hy bigong der yn to lêzen en doe kommen der allegear âlde roeken oanfleanen. Dy hienen yn in ogenblik alle stront út elkoar.
Doe't dat dien wie lêsde dy feint alles wer achterút, doe wienen dy roeken ek samar wer fuort. Mar dat achterútlêzen, dêr hie dy boer neat fan sjoen.
Doe't de boer de jouns allinne yn 'e keamer siet, tocht er: "Ik mat èk us yn dat boekje lêze." Hy die it en doe kommen der roeken ta de hurddobbe út. Mar de boer wist net fan tobeklêzen ôf, dat dy roeken dy fleagen dêr allegear yn 'e hûs om en hy koe se net kwyt wurde.
Doe rôp er gau de feint der by. Dy sei: "Jo matte tobek lêze." De boer die dat en doe gongen se moai wer ta de hurddobbe yn.
Mar de boer woe dy feint net hâlde. Dy krige dien.

Onderwerp

AT 0325* - Apprentice and Ghost    AT 0325* - Apprentice and Ghost   

ATU 0325* - The Sorcerer’s Apprentice    ATU 0325* - The Sorcerer’s Apprentice   

Beschrijving

Een luie boerenknecht had een toverboek. Op een keer kwam de boer kijken hoe ver hij was met mest strooien. Maar de knecht lag in de berm te luieren. Tegen etenstijd zag de boer de knecht uit een boekje lezen en er kwamen allemaal roeken aangevlogen. Zij verspreidden in een ogenblik de mest. De boer had niet door dat de knecht de tekst weer achteruit las om de roeken te laten verdwijnen. Die avond las de boer uit het boek, en er kwamen allemaal roeken uit de haardkuil. Maar hij kon ze niet meer weg laten gaan. Hij riep gauw de knecht erbij en die zei dat hij achteruit moest lezen. De boer wilde de knecht niet houden en heeft hem ontslagen.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 560, verhaal 1

Commentaar

17 december 1968
Apprentice and Ghost

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21