Hoofdtekst
Yn myn jonge jierren - ik mei sa'n achttsjin jier west ha -, doe wenne hjir in fanke, dat wie altyd siik. De dokter koe neat oan har dwaen. It fanke wie bitsjoend, seinen se. Mar hwa hie 't dien?
De âlden fan it fanke seinen: "It is it wurk fan ús Auk-muoi." Dat minske gong foar in tsjoenster.
Mar hoe koenen se gewaer wurde dat hja it dien hie?
Doe seinen guon tsjin har: "As se wer komt, dan matte jim de kaei dellizze yn 't finsterbankje fan it lytse gleske by de foardoar. (de kaei fan de foardoar). As hja dan de hân op it kezyntsje leit op 'e kaei, dan is dat it biwiis, dat hja dejinge is, dy't it bern bitsjoend hat."
Aukmuoi kom wer om to sjen hoe't it mei Reinou wie. Hja lei de hân op 'e kaei. Doe wie 't dan biwezen, dat hja de tsjoenster wie. Sy forbearen har it hûs. Hja hat der letter net wer west.
Reinou waerd wer better.

Beschrijving
De ouders van een betoverd kind wilden graag weten of degene die zij verdachten van hekserij ook werkelijk hun kind betoverd had. Zij legden de voordeursleutel in het vensterbankje van het kleine ruitje in de voordeur. Als de vrouw haar hand op het kozijntje zou leggen, zou dat het bewijs zijn. Inderdaad pakte ze zo de sleutel en was ze dus de tovenaarster. Haar werd de toegang in huis ontzegd, en het kind werd beter.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 562, verhaal 2
Commentaar
30 januari 1969
Naam Overig in Tekst
Reinou   
Naam Locatie in Tekst
Auk   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21