Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ056501

Een sage (mondeling), maandag 13 januari 1969

Hoofdtekst

By Warfstermoune stie in boereplaets, dêr wenne in boer op, dy wie âldfeint. Hy wie tige ryk en leefde dêr mei in húshâldster.
Guon hjir út 'e Wâlden kommen dêr alle jierren by him yn 't wurk. Sy slepten dan nachts dêr yn 'e skuorre yn 't strie.
Mar sy hearden dêr nachts altyd hwat.
Op in kear doe seinen se tsjin 'e boer. Sy koenen nachts noait rêstich sliepe hwant der wie yn 'e skuorre altyd leven.
"Miskien is der in kat," sei de boer, "dy't dat leven jowt."
"Né," seinen se, "dat kin net. Wy ha it altyd wol yn 'e gaten hâlden as it in kat wêze koe, mar dat is 't gefal net. Alle nachten binne der lûden en 't binne gjin lûden fan in dier."
Doe sei de boer: "Dan wol ik dat ek ris hearre." Doe kom de boer dan èk in nacht yn 'e skuorre to lizzen. En doe hearde hy it ek.
Letter woe der noait wer folk nei dy boer ta. Hwant dêr wie froeger op dy plaets ien formoarde woarn, en dyselde koe de rêst net fine.


Onderwerp

SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.    SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.   

Beschrijving

De boerenarbeiders sliepen vroeger in een schuur. Ze hoorden daar vaak vreemde geluiden. Er was eens iemand vermoord en die kon waarschijnlijk geen rust vinden. Op het laatst wilde niemand meer bij de boer slapen.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 565, verhaal 1

Commentaar

13 januari 1969
Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.

Naam Overig in Tekst

Warfstermoune    Warfstermoune   

Wouden    Wouden   

Naam Locatie in Tekst

Wâlden    Wâlden   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21