Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ056510

Een sage (mondeling), maandag 13 januari 1969

Hoofdtekst

Frijmetselders hawwe altyd jild. Dat krije se gratis. Mar dan matte se alle jierren ek hwat bouwe, òf oan 't eigen hûs òf oan dat fan in oar. As se dat nèt dogge, dan wurde se frijmetseler ôf. Sy bouwe eins altyd oan har eigen hûs om.
Guon ha 't jild yn in tabaksdoaze. Dêr bitelje se mei. As se 't hjoed útjown ha, sit itselde bidrach der de oare moarns wer yn.
Sy komme allegearre meielkoar yn in sael. Dêr is gjin ljocht yn. De tafel leit fol jild; dêr matte se in keuze út dwaen.
Sy kinne krije koper, nikkel, sulver en goud. Mar sy kinne net sjen hwat se útsykje. Dejinge dy't it goud krijt is altyd smoarryk.
Scholten fan 'e ierappelmoalfabriken wie ek in frijmetseler. Dy krige goud. Dêr is er sa ryk fan woarn. Mar hy is dêrtroch raer om 't leven kom. Nachts woarde er faek slein, ek al wie der net ien to sjen. Dat wie 't wurk fan 'e boaze.


Onderwerp

TM 2900 - Vrijmetselaars    TM 2900 - Vrijmetselaars   

Beschrijving

Vrijmetselaars hebben altijd geld. Zo lang ze elk jaar maar wat verbouwen aan hun eigen huis of dat van een ander, krijgen ze geld. Als ze dat niet doen, zijn ze geen vrijmetselaar meer.
Ze komen bij elkaar in een duistere zaal. Op tafel liggen allemaal koperen, nikkelen, zilveren en gouden muntstukken. Daaruit mogen ze dan uitzoeken, terwijl ze niet kunnen zien wat ze pakken. Sommigen hebben hun geld in tabaksdozen. Het bedrag dat ze uitgeven, zit er de volgende dag altijd weer in.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 565, verhaal 10

Commentaar

13 januari 1969
Vrijmetselaars

Naam Overig in Tekst

Scholten    Scholten   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21