Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ056815

Een sage (mondeling), maandag 03 februari 1969

Hoofdtekst

Albert Alma wie Wibe syn heit. Albert wie doe noch net troud, hy hie forkearing mei Tet. 't Is dus al hiel lang lyn.
Albert hie op in joun nei Tet ta west. Hy moest werom nei hûs ta. 't Wie in raren. Hy hie in pear nachten ûnder wetter west.
Doe't er thús kom stie der ien dy die de doar foar him iepen. Hy gong nei binnen ta. De âlde minsken leinen al op bêd. Sy hienen iten foar him ré stean. Deselde dy't bûten stien hie, lei de foarke foar him by 't board del. Doe wie dyselde sitten gong, tsjin him oer by de tafel. De âldelju, dy't op bêd leinen seagen dat. It wie de kweade-sels.
Doe't Albert it iten op hie, gong er nei achteren ta. Dêr gong er yn in protsje hea lizzen. Doe wie 't der sa bot oan wei gong, dat it hiele hûs hie skodde.
Doe sei de âld-man tsjin syn frou: "Us Albert leeft moarn net mear, hwant it hiele dak skoddet. Sa fechtet er mei de kweade." Mar hy leefde noch wol de oare moarns; mar hy hie bont en blau west.


Onderwerp

SINSAG 0916 - Kampf mit dem Teufel.    SINSAG 0916 - Kampf mit dem Teufel.   

Beschrijving

Een jongeman kwam eens terug van zijn meisje. Zijn ouders lagen al op bed. De duivel hield de deur voor hem open en gaf hem een vork om het klaarstaande eten mee te nuttigen. Hij ging tegenover hem aan tafel zitten. Daarna legde de jongeman zich te rusten in het hooi, maar de ouders hoorden hem vechten met de duivel. De volgende dag was hij bont en blauw.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 568, verhaal 15

Commentaar

3 februari 1969
Kampf mit dem Teufel.

Naam Overig in Tekst

Albert Alma    Albert Alma   

Wibe Alma    Wibe Alma   

Naam Locatie in Tekst

Tet    Tet   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21