Hoofdtekst
Yn 'e Like stiet in slot, dat ha de Moaren dêr boud. Letter is dat yn hannen kom fan rikelju. Dêr wienen ek ûnderierdske gongen by. En sy hienen ek in skatkeamer.
De faem moest wolris nei dy skatkeamer ta om 't spul dêr skjin to meitsjen. Dan biseach se 't spul altyd. Der wienen allerhande kostbere sieraden yn en sa.
It famke fan dy rike minsken gong altyd mei om op to passen.
De faem woe us op in kear in string prachtige moaije kralen stikum meinimme. Dat seach dat famke en dy fortelde it oan har heit en dy.
Doe woarde dy faem straft. De skatkeamer woarde hielendal leechhelle. En doe lieten se in skip komme fol mei allerhande skelpen. Dy woarden oanfierd troch de Moaren. Doe joegen se dy faem in tekening. Neffens dy tekening moest se dy hiele grot (de skatkeamer) fan binnen mei skelpen biplakke.
Fiif en twintich jier lang hat dy faem dêr oer dien. Sa lang siet se dêr opsluten yn dy grot. Doe wie se dan frij en mocht se der út.
Doe't se foar oan 'e daem ta wie bûgde se har foaroer en seach yn it wetter. Doe seach se dat har hier sniewyt wie en har gesicht o sa meger. Dêr woarde se sa kjel fan, dat sy foel fuort dea del.

Onderwerp
TM 3115 - Schatkamer wordt schelpengrot   
Beschrijving
Een meid moest wel eens schoonmaken in de schatkamer van de rijke mensen bij wie ze woonde. Op een keer probeerde ze mooie sieraden te stelen, maar ze werd betrapt. Als straf moest ze nu de hele schatkamer met schelpen bekleden, naar een papieren voorbeeld. Na vijfentwintig jaar was ze klaar, en werd ze vrijgelaten. Toen ze in een water haar spiegelbeeld zag, schrok ze vreselijk van haar witte haren en haar magere gezicht. Ze viel dood neer.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 569, verhaal 1
Naam Overig in Tekst
Like   
(Nienoord)   
Naam Locatie in Tekst
Moren   
Leek   
Plaats van Handelen
Leek   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21