Hoofdtekst
Op 'e Mûzewei (= Mûntse-wei) fan Aldwâld nei Feankleaster spoeke in juffer yn 't swart. Dy roan dêr altyd om. Underskate lju ha har dêr sjoen. Hja hie swart-sidene mofkes oan 'e hannen en in swart-sidene jurk hie se oan. Hja gong dêr nei in plaets ta. Dêr stie in plakje mei woartels flak by. Dêr roan se altyd oan ta, dan gong se werom. Guon seinen. hja gong ek wol nei 't slot ta. De minsken hearden de side ritseljen.
Onderwerp
SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.   
Beschrijving
Mensen zagen vroeger vaak een meisje in zwart zijden kleding spoken.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 572, verhaal 9
Commentaar
6 februari 1969
Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.
Naam Overig in Tekst
Aldwâld   
Naam Locatie in Tekst
Mûzewei   
Mûntse-wei   
Feankleaster   
Veenklooster   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21
