Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ057608

Een sage (mondeling), maandag 10 februari 1969

Hoofdtekst

Douwe Stavasius syn heit Fokke wie us in kear op 'e klaei by in boer yn 't wurk.
Hy siet by de boer yn 'e keamer en sy dronken in pantsje thé. Fokke dy siet mar nei ien punt to staren en hy sei hielendal neat.
"Is der hwat?" sei de boer.
"Dat kin ik jo net fortelle", sei Fokke.
"Hwerom net?" frege de boer.
"Omdat it jou jonkje is", sei Fokke.
De boer hâldde oan, hy woe it wite. "Fortel it my mar", sei er.
Doe sei Fokke: "Jo sille jou jonkje misse." (It jonkje boarte wylst bûtendoar. De boer hie ek mar ien bern.)
Fokke hie it jonkje yn 't kistje lizzen sjoen, dat by harren yn 'e keamer stie. Dêr hied er sa nei stoarre.
It duorre net lang, doe stoar it jonkje.


Onderwerp

SINSAG 0483 - Der Sarg gesehen    SINSAG 0483 - Der Sarg gesehen   

Beschrijving

Een man die met de helm geboren was, was eens bij een boer. Hij vertelde die boer dat hij het doodskistje van diens zoontje in de kamer zag staan en dat dat betekende dat het kind snel zou komen te overlijden. Inderdaad ging het jongetje vrij snel daarna dood.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 576, verhaal 8

Commentaar

10 februari 1969
Der Sarg gesehen & TM 2901: Helmdragers

Naam Overig in Tekst

Douwe Stavasius    Douwe Stavasius   

Fokke Stavasius    Fokke Stavasius   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21