Hoofdtekst
Us mem hat in min leven hawn by heit. Hy hat har it leven forgalle. Heit is in strie-minnen ien. Wy ha gjin gedoente mei him. Op in kear kom er smoardronken thús. Hy slepte yn in âld ledekant, dat stie oer de flier, hy slepte net by ús mem.
Doe krige er de kofjekanne fol kofje en dy sette er yn 'e kachel mei fjûr. En doe sei er: "As der in God is, dêr bin ik net bang foar."
Mar doe gong it der sa ôfgryslik oan wei yn 'e hûs, krekt as ried der in hynder en wein op 'e souder. Doe gong heit oer de flier lizzen, deabinaud. Op dat stuit wie er bikom.

Beschrijving
Een dronken man zette eens een koffiekan met koffie in de brandende kachel en zei: "Als er een god is, dan ben ik niet bang voor hem." Maar toen ging het in huis zo vreselijk te keer, dat de man doodsbang op de vloer lag.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 578, verhaal 5
Commentaar
10 februari 1969
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21