Hoofdtekst
Lammert van der Sluis en syn broer gongen us nei de Poelbuert ta to jounpraten nei in oare broer; dy wenne dêr mei in geskeiden frou. Sy wienen der omtrint oan ta, doe seagen se in ljocht yn 'e keamer. Der stie in frou yn 'e keamer. 't Wie de earste frou, dy't dea wie.
De beide bruorren seinen: "Der koe wol fisite wêze; wy gean werom."
De oare jouns gongen se der wèr hinne.
Sy seinen: "Wy ha hjir justerjoun èk al west. 't Ljocht by jimmes yn 'e keamer wie op en dêr stie in frou. Wy tochten: der is forsite. Doe binne wy werom gong."
Mar sy hienen noait fisite hawn. "Hjir hat noait ien west," seinen se, "en wy ha èk noait yn 'e keamer west en dêr it ljocht op hawn."

Onderwerp
SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.   
Beschrijving
Twee broers zagen bij hun derde broer in huis licht branden en een vrouw in de kamer staan. Ze dachten dat hij visite had, en maakten rechtsomkeert. De volgende dag vertelden ze dit aan hun broer. Maar deze zei dat ze helemaal geen licht aan hadden gehad, en dat er geen vrouw geweest was.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 578, verhaal 9
Commentaar
10 februari 1969
Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.
Naam Overig in Tekst
Lammert van der Sluis   
Poelbuert   
Poelbuurt   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21