Hoofdtekst
Tsjinoer it hûs fan Japik Kuipers stie nòch in hûs. Dêr wenne IJe de Vries yn. Myn âldste suster wie dêr alris to helpen. Doe soe mem dêr ek hinne, hwat letter op 'e dei. Hja wie sahwat oan 'e Wilhelmina-hoeve ta.
Mem wie noait bang, hwant mem sei: "Ik haw in rein geweten, dan kin der my neat gebeure."
Doe kom der in swart ding op har ta. 't Wie hiel great en 't hie swart, krolderich hier.
It bleau stiif by har. Mem hie in stien krige en hie 't beest dêr mei smite sild.
Mar doe woarde se doch hwat binaud, hwant it beest bleau stean en sy koe net fierder.
Doe hie mem nei in hûs ta gong, dat der flak by wie.
De heit en de soan út dat hûs ha har thús brocht.
't Wie krekt as wie dat swarte ding yn 'e sleat wei woarn.

Onderwerp
SINSAG 0256 - Plagegeist (in Tiergestalt) erschreckt späten Wanderer (und begleitet ihn).
  
Beschrijving
Een vrouw beweerde voor niets bang te zijn, omdat ze een rein geweten had. Maar op een keer werd ze lastig gevallen door een plaagbeest. Ze gooide een steen naar het dier, maar het bleef gewoon zitten. Toen is de vrouw naar een huis in de buurt gegaan, en die mensen hebben haar weer thuisgebracht.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 580, verhaal 9
Commentaar
17 februari 1969
Plagegeist (in Tiergestalt) erschreckt späten Wanderer (und begleitet ihn).
Naam Overig in Tekst
Japik Kuipers   
IJe de Vries   
Wilhelmina-hoeve   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21