Hoofdtekst
To Grins haw ik wenne oan 'e Fryske strjitwei. Dêr doochde it net op dat buertsje. De buorlju kommen by my, omdat ik net bang wie. It wie dêr net plús, en sy woenen ha, ik soe der op ôfgean.
It wie nachts noait liker as woarde der ien formoarde. It wie in lawaei! En rare gelûden, freeslik! De hiele buert wie der fan oerstjûr. De lûden kommen út 'e púnhopen wei.
Ik ha mei Sjouke Hoekstra dêr in hiele nacht wekke.
Ik hearde neat, 't bleau hyltyd rustich. Mar letter kommen dy lûden wer.
Letter hat dêr in man syn frou delstutsen. Hy hat har formoarde. Doe hearden se deselde lûden.
Mar doe't dat gebeurd wie, wie 't foargoed dien. It hat foartjirmerij west.

Onderwerp
SINSAG 0486 - Andere Todesvorzeichen.   
Beschrijving
Mensen hoorden op een bepaalde plek soms een vreselijk lawaai en rare geluiden. Later heeft een man op die plek zijn vrouw doodgestoken. Toen waren dezelfde geluiden te horen.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 581, verhaal 6
Commentaar
15 februari 1969
Andere Begegnungen mit dem Teufel.
Naam Overig in Tekst
Sjouke Hoekstra   
Naam Locatie in Tekst
Grins   
Groningen   
Fryske strjitwei   
Friese Straatweg   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21