Hoofdtekst
Myn frou komt fan Boarnburgum. Doe't ik noch forkearing mei har hie, reizge ik nei har ta op 'e fyts oer de Himmen.
Op in saterdeijoun wie 'k dy kant wer út. Doe't ik oan 'e Himmen ta wie, woe de carbidlantearne net mear brânne. En 't wie ek noch in nijen. 't Wie al yn 'e lette hjerst en 't wie allegear bosk om my hinne. 't Wie slecht waer.
Ynienen stiet der in keardel foar my.
Ik sei: "Goeijenavend."
Ik krige gjin antwurd.
Ik sei: "Hwat is 't dan alderduvelste tsjuster, net?"
Ik krige wer gjin antwurd.
"Forrek," sei 'k, "as jo dan neat sizze wolle."
't Wie op in sânreed. It gong my kâld by de rêch del. Hwat dat west hat ha 'k noait witen, mar ik fielde my lang net noflik.

Onderwerp
SINSAG 0475 - Spuk in Gestalt einer lebendigen Person.
  
Beschrijving
Een man fietste in het donker eens door het bos. Zijn lamp deed het niet. Opeens werd hij gepasseerd door een kerel, die op zijn groet niets terugzei.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 585, verhaal 10
Commentaar
3 maart 1969
Spuk in Gestalt einer lebendigen Person.
Naam Overig in Tekst
Himmen   
Naam Locatie in Tekst
Boarnburgum   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21