Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ059013

Een sage (mondeling), maandag 10 maart 1969

Hoofdtekst

Sahwat in hûndertfyftich jier lyn wenne der yn Assen in faem, dy hie forkearing. Sy moest bifalle fan dy feint. De minsken seinen dat it gjin goed spul wie en sy fortelden it oan 'e burgemeester. Doe gong dy burgemeester nei de faem ta. Hy sei tsjin har: "Hoe bistû yn forwachting kom?"
"Dat mei ik net sizze", sei de faem.
"Né? Hwerom net?" frege de burgemeester.
"As ik it fertel," sei de faem, "sil hiel Assen ôfbrânne."
"Soa," sei de burgemeester, "sil de man dat dan dwaen?"
"Né," sei de faem, "dat is gjin man."
"Gjin man?" sei de burgemeester.
"Né," sei se, "ik ha forkearing hawn mei Satan en dy hat my jong makke en as ik dat fortelde soe hiel Assen ôfbrând wurde."
Doe sei de burgemeester tsjin 'e plysjes: "Dat fanke mat onherroepelik oppakt wurde, hwant dy mat fan Satan yn 'e kream. Dy mat fornietige wurde."
De saek kom foar de rjochter. De faem moest foar de hearen forskine. De rjochters founen it fonnis fan 'e burgemeester to slim. De faem krige fiifentwintich jier gefangenisstraf.
Letter kommen der allemachtich greate brânnen oer Assen. Dat kom trochdat dat fanke dat forteld hie. Mar doe wie se al dea. Sy hat it sels net mear bileefd.


Onderwerp

SINSAG 0901 - Heirat (Buhlschaft) mit Teufel.    SINSAG 0901 - Heirat (Buhlschaft) mit Teufel.   

Beschrijving

Een meisje was eens zwanger. De mensen zeiden dat het niet pluis was, en de burgemeester onderzocht het geval. Het meisje wilde hem niet vertellen wie de vader was, want dan zou heel Assen afbranden. Toch vertelde ze dat de duivel haar zwanger had gemaakt. Er kwam een rechtzaak, en het meisje kreeg vijfentwintig jaar gevangenisstraf. Later is er een grote brand geweest in Assen, maar toen was het meisje allang dood.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 590, verhaal 13

Commentaar

10 maart 1969
Heirat (Buhlschaft) mit Teufel.

Naam Locatie in Tekst

Assen    Assen   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21