Hoofdtekst
Hearke wie boerearbeider by Bindert Japiks op it Bomkleaster. Hy en in oare arbeider moesten togearre lade. De oare arbeider spitte stikken los mei de splitlod, sa great as in tafelblêd. Hearke laedde dy stikken op 'e wein. Sy hienen sadwaende de wein gauwer fol as dat de man mei hynder en wein der wèr wie, dy't de dong nei 't lân brocht.
Salang gongen Hearke en de arbeider op 't tiksel sitten to rêsten. Dan smookten se in pypke.
Doe kom Bindert Japiks, de boer, der by. "Dêr kin wol hwat mear op 'e wein, net?" sei er.
Doe sette Hearke der sa'n dik stik op, dat de hynders koenen 't net lûke. Doe sei Hearke: "De hynders matte der foar wei." Hy sei tsjin 'e arbeider dy't by him wie: "Nou mastû fan achteren mar hwat oanskouwe." Hearke hie 't tiksel krige en de wein mei dong op 'e achterhússtrjitte lutsen.

Onderwerp
TM 2801 - Sterke man (vrouw)   
Beschrijving
Sterke Hearke had de wagen eens zo vol graszoden gelegd, dat de paarden het niet meer konden trekken. Toen heeft hij de wagen zelf getrokken.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 591, verhaal 7
Commentaar
28 februari 1969
Sterke man (vrouw)
Naam Overig in Tekst
Sterke Hearke   
Bindert Japik   
Naam Locatie in Tekst
Bomkleaster   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21