Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ059504

Een sage (mondeling), vrijdag 10 oktober 1969

Hoofdtekst

Ik en myn wiif ha yn Dútslân wenne. Ik wie dêr yn 'e koalminen. Nachts kom der altyd in nachtmerje by myn wiif. It like raer, hwant wy hienen de doar alle nachten goed fêst, mei de kaei der yn. Dat de nachtmerje koe net troch 't slotsgat komme.
Mar evensagoed hie myn wiif der faek lêst fan.
Wy wennen op 'e twadde stok. Us buorlju wennen boppe ús op 'e trêdde stok. Dat wie de eigner fan 't hûs. Dy hie in molkrit. Wy wennen yn Westerholt yn Westfalen.
Dêr op 'e trêdde stok hienen se in kostgonger, dat wie Heinrich.
Op in nacht doe kom de nachtmerje wèr by myn wiif. Doe hie se safolle macht, sy koe him slaen. De oare moarns sei se tsjin my: "Ik mat him sahwat by de noas om krigen ha."
Doe't wy dy deis de kostgonger fan ús buorlju seagen (Heinrich) hie dy in hiel blau eech.
Ik sei tsjin Heinrich: "Hwat hastû in blau eech."
De noas wie ek blau.
Doe wisten wy hwa't de nachtmerje wie.



Onderwerp

SINSAG 0798 - Mensch von Mahr beritten. Mahr wird verwundet; zeigt am folgenden Tag die Narbe.    SINSAG 0798 - Mensch von Mahr beritten. Mahr wird verwundet; zeigt am folgenden Tag die Narbe.   

Beschrijving

Een vrouw had vaak last van een nachtmerrie, ook al liet ze 's nachts altijd de sleutel in het slot zitten. Op een keer was ze in staat de nachtmerrie een flinke klap te geven. De volgende dag kwamen ze de kostganger tegen die boven hen woonde. Hij had een blauw oog en een blauwe neus. Toen wisten ze dat hij de nachtmerrie was.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 595, verhaal 4

Commentaar

10 oktober 1969
Mensch von Mahr beritten. Mahr wird verwundet; zeigt am folgenden Tag die Narbe.

Naam Overig in Tekst

Westfalen    Westfalen   

Naam Locatie in Tekst

Heinrich    Heinrich   

Dútslân    Dútslân   

Duitsland    Duitsland   

Westerholt    Westerholt   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21