Hoofdtekst
Doe't ik noch sa'n jonge wie, gong 't der by ús soms hiel bot oan wei. Dat wie altyd yn 'e nacht, as wy in skoftsje lein hienen.
Op in nacht kom myn broer Sjoerd thús. Hy gong op bêd.
Even letter, doe fornom er hwat. Der stie in hiel fremd lyts keardeltsje ynienen by ús oer 'e flier. Syn holle kom mar krekt boppe de sitting fan 'e stoel. 't Mantsje wie roetswart en 't hie in swart petsje op.
Sjoerd stie nergens foar. As der in hiel leger op Sjoerd delkom, soed er net in tûmbré wike. Hy wie nergens bang foar.
Hy hie oer de bêdsplanke sjoen. Der stie in lyts nachtpitsje op 'e tafel. Dat keardeltsje roan dêr om. It hie hiel gemien en raer nei him sjoen. Doe hie 't keardeltsje ynienen net mear oer de flier stien. 't Wie by him op bêd en 't pakte him. Sy hienen hiel bot fochten togearre.
"Ik bin foar dy net bang, duvel", sei Sjoerd.
Doe hie 't wer fuort west.
Doe hie der hwat boppe syn bêd west, dat joech geritsel.
Sjoerd grypte der nei. Doe wie 't krekt as hied er in hiele grouwe kop yn 'e hân hawn. Mar doe krige Sjoerd in klets yn 'e side, sa bot, dat hy koe 't wol útraze. Hy wie machteloas.
Doe hied er wer oer de planke sjoen.
Doe hie der in âld minske oer de flier stien, dat stie by dat swarte keardeltsje. Hja hie dat keardeltsje in swart pakje guod oerhandige, in fjouwerkant pakje, sa great as in bibel sahwat.
Doe hie 't âlde frommes fuort west. It keardeltsje hie wer hiel gemien nei him sjoen.
"Duvel, bist dêr nòch?" sei Sjoerd.
Hy út bêd en nei 't keardeltsje ta. Dat keardeltsje gong der út, Sjoerd sette it achternei. Hy gong oan 'e Krimpe-hoeke ta. Dêr woarde 't keardeltsje wei. Doe wie Sjoerd bang woarn en hy is bang op bêd rekke.
It swarte keardeltsje wie troch de tichte doarren gong, mar Sjoerd hie de doarren iepen dwaen matten.
't Wie de duvel, dat keardeltsje. Dit ha wy sels meimakke.

Onderwerp
SINSAG 0916 - Kampf mit dem Teufel.   
Beschrijving
Op een nacht komt Sjoerd thuis en gaat naar bed. Dan komt er een klein roetzwart mannetje met een zwart petje op de vliering staan. Sjoerd is nergens bang voor. Het mannetje komt bij Sjoerd op bed en ze vechten. Sjoerd zegt dat hij niet voor de duivel bang is. Sjoerd krijgt rake klappen. Dan staat er een oud mensje op de vliering die het mannetje een zwart , vierkant pakje geeft en weer weggaat. Sjoerd stapt uit bed en gaat naar de duivel toe en volgt hem naar het dakhoek. De duivel verdwijnt en Sjoerd wordt bang en gaat terug naar bed. Het mannetje was door de dichte deuren gegaan en is de duivel.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 600, verhaal 15
Commentaar
1 maart 1969
Kampf mit dem Teufel.
Naam Overig in Tekst
Sjoerd   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21