Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ060406

Een sage (mondeling), zaterdag 08 maart 1969

Hoofdtekst

Myn famylje wie froeger skipper. Flippusom hat fearn mei twa bruorren. Flippus Pot neamden se him. Hy sil wol potskipper west ha.
Op in kear farden se fan Grins nei Stroobos. Ien fan 'e bruorren stie by 't roer, de oare luts it skip troch 't djip. Flippus-om hie net goed west en lei yn 'e koai. Flippus-om siet altyd to krimmenearjen, hy hie op syn manier altyd jildforlet.
Sa hied er doe ek wer yn 'e koai lein to krimmenearjen.
Dêr ynienen wie in keardeltsje, moai kreas forklaeid by him ynstappen kom. 't Wie in mynhearke.
Dat mynhearke hie de iene foet op it stuoltsje set.
Hy woe Flippus-om syn siele wol ha en doe wied er bigong to sintetellen. Der wienen briefkes tofoarskyn kom, allegear briefkes en hyltyd mar mear.
Flippus-om hie 't net goed bigrepen hawn. Hy hie tocht dat er mei in likesnijer to meitsjen hie, dy't syn lyk letter keapje woe. Mar doe hie 't mantsje de oare foet omheechtild - doe hied er sjoen dat dat mantsje in knollefoet hie. Doe wie 't him yn 'e gedachten kom dat it forkeard spul wie.
Hy tocht: dit mat net. Hy hie wegere. Doe wie der ien greate flamme fjûr mei allegear reek yn 't foarûnder west en it stonk hiel bot nei swevel. En tagelyk hie 't mantsje fuort west. It wie de duvel.
(Flippus-om hat mei west yn 'e 10-daagse veldtocht)

Onderwerp

SINSAG 0907 - Teufelsgeld.    SINSAG 0907 - Teufelsgeld.   

Beschrijving

De broers van Flippusom noemen hem Flippus Pot en zijn alledrie schipper. Flippesom zit altijd in geldnood en ligt een keer ziek in de kooi te zeuren. Een mannetje komt binnen en begint geldpapier te tellen om Flippus zijn ziel te kopen. Flippus denkt dat een een oplichter is die later zijn lijk wil kopen. Als hij de horrelvoet ziet, weigert hij het geld en dan komt er een grote vlam met rook in het vooronder en de boot ruikt naar zwavel. Het mannetje is weg. Het is de duivel geweest. Flippus is meegeweest met een tiendaagse veldtocht.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 604, verhaal 6

Commentaar

8 maart 1969
Teufelsgeld.

Naam Overig in Tekst

Flippus-om    Flippus-om   

Flippus Pot    Flippus Pot   

Naam Locatie in Tekst

Grins    Grins   

Stroobos    Stroobos   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21