Hoofdtekst
Der kom in keardel yn in winkel yn Grins, dy woe in hoed keapje. Hy paste de iene hoed nei de oare, mar net ien wie him nei 't sin. De iene wie to lyts, de oare to great, en sa gong dat mar troch. Hy hie wol tritich past. Op 't lêst hie de winkelman gjin huodden mear foar him.
Doe't de keardel fuort soe, sei de winkelman tsjin him:
"Wachtsje noch even. Ik ha noch ien hoed, dy past jo wol."
Doe helle er in hoed, dy wie yn in oar fortrek. Dêr die er in poun sjerp yn. Dêr kom er mei yn 'e winkel en dy klapte er de keardel op 'e holle. Dy syn hier en gesicht kommen ûnder 'e sjerp to sitten.
"Dizze past dy wol," sei er, "en dû hast him ek noch kado."
Doe die er de doar iepen en treau him der út.

Beschrijving
Een kerel komt in een winkel in Groningen een hoed kopen, maar geen enkele hoed is goed genoeg. Als de man weg wil gaan, doet de winkelier hem een hoed met een pond stroop erin op, zegt dat deze wel past en hem kado geeft en gooit hem uit de winkel
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 616, verhaal 2
Commentaar
27 maart 1969
Naam Locatie in Tekst
Groningen   
Grins   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21