Hoofdtekst
De doomny hie sels in baerch slachte en dy hong yn 'e pasterije yn 't spekhok.
Syn frou siet dy snein-to-moarns ek yn 'e tsjerke.
De moandeimoarns wie de doomny op húsbisyk, de frou wie allinne thús. Doe kom der in skoaijer by de doar.
De skoaijer seit tsjin 'e frou: "Ik ha 't sa krap, soenen jo net hwat foar my ha?"
Hy krijt de frou fuort by 't hart. Hja seit: "Ja, komme jo mar yn 'e hûs, man. Wy ha krekt in baerch slachte. Nim jo dy mar mei."
De skoaijer nimt de baerch op 'e rêch en giet der mei fuort. Deselde moarns komt de doomny wer thús.
"Och, leave man," seit syn frou tsjin him, "hwat haw ik nou in moaije moarn hawn. Dû hiest juster sa'n learsume preek, dat ik ha der suver om gûld. Ik moest der fan 'e moarn hyltyd oan tinke."
"Dat fyn ik prachtich," sei de doomny, "hwat hast dan dien?"
"Der kom in skoaijer by de doar," sei se, "en dy ha 'k de baerch jown."
Doe woarde de doomny pûr-razend.
"Almachtige greate ezel," sei er, "nou sil 'k dy fuort deameitsje, foar datst sa dom biste."
Doe tocht er even nei. "Affijn," sei er, "ik sil dy noch sparje. Ik gean daliks direkt even fuort. En as ik dan nòch twa sokke domme minsken fyn astû der ien biste, dan kinst it leven hâlde. Oars meitsje ik dy dea."
Doomny gong der op 'e fyts op út.
Doe't er in eintsje fytst hie, kom der in boer oan, mei in weinfol biten. Dy stie boppe op 'e wein, mei in sekfol biten op 'e rêch.
"Hwat ha wy nou," frege de doomny, "hwerom drage jo dy sek mei biten op 'e rêch?"
"Nou man," sei de boer, "dan hat it hynder it doch folle lichter?"
"O ja", seit de doomny, en hy tinkt: "Dy is noch folle stommer as myn frommes."
Hy giet wer fierder op 'e fyts. Dan sjocht er fjouwer man, dy binne mei in koe oan 't tillen. Sy steane alle fjouwer foar in hekke.
De doomny springt fan 'e fyts en giet by dy mannen stean.
Hy seit: "Hwat wolle jimme eins mei dy koe?"
De mannen seinen: "Dy mat yn 't lân." En sy tilden de koe oer de hekke hinne ynpleats fan de hekke iepen to meitsjen. Doe hie doomny genôch sjoen.
Hy stapt wer op 'e fyts en rydt werom nei de pasterije ta.
Hy sei tsjin syn frou: "Nou ha 'k fiif minsken sjoen, dy wienen noch folle dommer as dû, dat ik skink dy it leven."
Onderwerp
AT 1384 - The Husband Hunts Three Persons as Stupid as his Wife   
ATU 1384 - The Husband Hunts Three Persons as Stupid as his Wife.   
AT 1242a - Carrying Part of the Load   
ATU 1242a - Relief for the Donkey   
SINAT 1212* - Der Mann steht auf dem Wagen mit einem Sack auf dem Rücken, um das Pferd zu entlasten   
VDK 1242A - Carrying Part of the Load   
SINAT 1384 - Der Mann sucht drei Menschen, die ebenso dumm sind wie seine Frau
  
VDK 1384 - The Husband Hunts Three Persons as Stupid as his Wife   
