Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ061704

Een sage (mondeling), donderdag 20 maart 1969

Hoofdtekst

Jan de Haan en syn suster wienen beide ongetroud. Sy wennen yn Surhústerfean. Op in kear wienen se togearre to jounpraten nei Durk van Dellen, dy wenne ek yn Surhústerfean. Sy moesten in âlde sânreed del om dêr to kommen.
Doe't it al acht ûre wie, doe wie 't noch hast dei. Doe hie Jan syn suster sein: "Ik gean nei hûs ta, ik fiel my net sa lekker." Jan fortelde: "Ik bleau dêr allinnich. Doe rekke ik oan 'e buorrel by Durk van Dellen.
De nachts om ien ûre sei 'k: 'Ik mat fuort'.
Durk brocht my in ein op stap. Ik sei tsjin him: 'Dû mast mar net to fier mei, 't is hjir allegear djippe wettergatten oan wjerskanten'. Hy wie nochal hwat âlder as ik. Dat hy gong werom. Doe't ik sa'n twahondert meter allinne roan hie, woarde ik samar ynienen oan kant set fan 'e wei. Ik woarde der gewoan hinne set. En ik hearde in trein, dy brulde der oer. Dy stoude my foarby. Ik mat op 'e rails roan ha.
Mar der is letter noait in tram of in trein kom.
Kinne it ek de trekkers west ha?"

Onderwerp

SINSAG 0492 - Vorzeichen des Zuges    SINSAG 0492 - Vorzeichen des Zuges   

Beschrijving

Jan de Haan heeft wat gedronken bij Durk van Dellen en Durk begeleidt hem een stukje op de terugweg. Jan vervolgt alleen zijn weg en wordt opeens aan de kant van de weg gezet. Een trein komt hem voorbij. Er is echter nooit een trein of tram gekomen.



Bron

Collectie Jaarsma, verslag 617, verhaal 4

Commentaar

20 maart 1969
Vorzeichen des Zuges

Naam Overig in Tekst

Jan de Haan    Jan de Haan   

Durk van Dellen    Durk van Dellen   

Naam Locatie in Tekst

Surhuisterveen    Surhuisterveen   

Surhústerfean    Surhústerfean   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21