Hoofdtekst
Twa jonges yn Beets hienen in weddenskip. De iene wie nochal rêstich en hie net safolle to keep, de oare hie altyd gâns bombaerje en gewelt. Op it tsjerkhof wie in iepen grêf. Dêr moest de oare deis in lyk yn. De deagraver hie by it dollen twa deadskoppen tofoarskyn helle en dy hied er oan 'e kant fan 't tsjerkhôf dellein.
De beide jongfeinten hienen ôfpraet, hwa fan har beiden sa'n deadskop opkrije doarst en dy meinimme, dy soe traktearre wurde. "Ik doar it wol", sei de iene. "Ik ek wol", sei de oare.
Earst gong de kalmste it tsjerkhôf op. Hy nom ien fan 'e deadskoppen op en roan dêr fierder mei om 't tsjerkhôf hinne en kom sa by de útgong.
Doe soe de oare dan. Mar wylst gong de earste fan 'e oare kant om 't tsjerkhôf hinne, de oare tomjitte. Mar hy bleau achter de hage, sa dat syn maet him net sjen koe. Doe't dy syn deadskop opkrije soe, sei de earste mei in rare graefstim - wylst er achter de hage stie - : "Der ôfbliuwe, dat is myn kop!"
De dryste fleach werom en makke dat er fan it tsjerkhôf ôf kom. Sûnder kop. Hy moest traktearje.

Onderwerp
VDK 1676D* - Schedel halen uit knekelhuis: "Dit is mijn vaders hoofd."
  
ATU 1676D - “That’s my Head!”   
sinVDK 1676D* - Der Gang zum Knochenhaus um einen Totenkopf zu holen.   
Beschrijving
Twee jongens uit Beets houden een weddenschap. De een is altijd rustig, terwijl de ander opschept en geweld gebruikt. Op het kerkhof heeft een doodgraver tijdens het graven van een graf twee doodskoppen opgegraven en aan de andere kant van het kerkhof gelegd. Dus de jongens spreken af dat degene die een doodskop optilt en meeneemt een tractatie van de ander krijgt. De kalmste pakt er een op , loopt om het kerkhof heen en komt ermee naar de uitgang. De ander is nu aan de beurt, maar de kalmste verstopt zich achter de haag die bij de doodskop staat. Als zijn vriend deze op willen tillen zegt de ander dat hij ervan moet blijven. De brutale schrikt hiervan en verlaat het kerkhof. De kalmste heeft gewonnen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 618, verhaal 13
Commentaar
25 maart 1969
Schedel halen uit knekelhuis: "Dit is mijn vaders hoofd."
Naam Locatie in Tekst
Beets   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21