Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ062009

Een sage (mondeling), zaterdag 15 maart 1969

Hoofdtekst

Tsjerk Poel wenne yn 'e Harkema. Hy hie him frijwillich oerjown oan 'e tsjinst. Hy wenne yn in hutsje op it plak dêr't nou de herfoarme tsjerke stiet. 't Wie in ûnforskillich meubel. Doe't er ûnder tsjinst rekke moest er nou en dan ek op wacht stean. Der wienen guon dy woenen graech frij fan 'e wacht. Tsjerk nom de wacht dan wol gauris oer. Hy barde dêr dan sinten foar.
Der wie in bepaeld plak, dêr doarsten de oare soldaten noait op wacht stean. Hwant dêr doogde it net. Tsjerk joech dêr neat om.
Op in kear doe stie er dêr. It duorre net sa lang of dêr hienen jy de katten al. Der kommen al mar mear. Op 't lêst wienen 't allegear katten.
Tsjerk sei: "Werda." Mar de katten bleauwen dêr't se wienen.
Tskerk sei noch us: "Werda", mar it joech allegear neat.
"Doe," fortelde Tsjerk letter, "krige ik de âlde spuit en ik skeat, net sunich.
De oare moarns seach ik wol, dat guon fan 'e âlde froulju alhiel yn 'e wynsels sieten."
Dy âlde froulju kommen dêr om de ierappels foar de soldaten to skilen. Dêr fortsjinnen se hwat mei.
De katten kommen net wer op it plak, dêr't Tsjerk op wacht wie. It hienen allegear tsjoensters west.



Onderwerp

SINSAG 0640 - Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.    SINSAG 0640 - Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.   

Beschrijving

Tsjerk Poel woont in Harkema en is vrijwillig in dienst gegaan. Hij woont in een huisje waar later een hervormde kerk staat. Tijdens dienst moet hij soms op wacht staan en neemt graag diensten van anderen over tegen betaling van geld. Tsjerk staat ook op wacht op een plek waar het niet deugt en katten komen. Het lukt hem niet ze weg te jagen en uiteindelijk schiet hij met zijn geweer. De volgende morgen ziet hij dat de oude aardappelvrouwen onder het verband zitten. De katten die heksen waren zijn niet meer op deze wachtplek geweest.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 620, verhaal 9

Commentaar

15 maart 1969
Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen. EN SINSAG 0503: Die gestörte Hexenversammlung (Tanz, Mahlzeit) EN SINSAG 0623: Der geweihte Schuss

Naam Overig in Tekst

Tsjerk Poel    Tsjerk Poel   

Naam Locatie in Tekst

Harkema    Harkema   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21