Hoofdtekst
Ik haw op 'e oaljemoune wurke, dêr hienen se èk in jonge. Dat wie Jehannes Koster. Hy wie koeksnijer, hy snijde de lynkoeken. Hy kom altyd op 'e fyts fan Feankleaster, dan ried er de âld sânwei del. Op in moarn kom er in healûre to let.
Ik sei: "Hast ûngemakken hawn?"
Doe sei er: "Der kom my in lykstaesje foarby op 'e sânwei. Doe bin 'k achter in beam stean gong."
Ik sei: "Hoe siet dat?"
Hy sei: "Der wienen earst fjouwer swarte hounen. Op elke kant fan 'e wei roannen twa. Doe kom de lykstaesje.
Der wienen manlju by, allegear yn 't swart mei hege huodden op. Ik ha dêr krektsalang stien oant alles foarby wie."
It wie in skynbigraffenis. It eigenaerdige wie, dat dêr noait in lykstaesje lâns kom op dy sânwei, hwant dêr wennet net in minske oan.

Onderwerp
SINSAG 0481 - Leichenzug gesehen   
Beschrijving
Jehannes Koster komt altijd op de fiets naar de oliemolen, waar hij werkt. Een keer is hij heel erg laat, omdat hij een lijkstoet aanzag komen en achter een boom is gestaan. Eerst ziet hij vier zwarte honden, gevolgd door mensen in het zwart. Het is een schijnbegrafenis geweest.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 621, verhaal 5
Commentaar
11 februari 1969
Leichenzug gesehen.
Naam Overig in Tekst
Jehannes Koster   
Naam Locatie in Tekst
Feankleaster   
Veenklooster   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21