Hoofdtekst
Der wienen in hear en syn frou, dy wennen togearre yn in great slot. Op in kear wienen se fuort en sy soenen pas de oare deis wer thúskomme. De faem moest yn dy tiid op it slot passe mei in âld man.
Yn 'e nacht hearde de faem dat der rovers wienen. Sy gong mei de âld man nei de kelder ta, hwant dêr kom it lûd wei. De man hie in sabel by him.
Der siet in lûk yn 'e kelder, dat hienen dy rovers der foar wei brutsen en nou prebearre ien fan 'e rovers der troch to kommen. Doe't er mei de holle der troch wie, sloech de man him de kop ôf. Doe luts dy faem it lichum der troch en smiet de deade rover yn 'e kelder. Doe sei de man sunich: "Kom mar."
Doe gong der wer in rover troch it kelderslûk en dy makke krekt deselde reis. De man houde him de kop ôf en de faem smiet it lichum yn 'e kelder. Doe sei de man wer sunich: "Kom mar."
En doe kom de trêdde. Sa krigen se op 't lêst toalve liken fan rovers yn 'e kelder. Mear wienen der net.
Doe't de hear en de frou de oare deis thús kommen waerden de man en de faem wakker prize doe't se al dy liken yn 'e kelder seagen en sy krigen in grou stik jild útbitelle.

Onderwerp
AT 0956B - The Clever Maiden Alone at Home Kills the Robbers   
ATU 0956B - The Clever Maiden Alone at Home Kills the Robbers.   
Beschrijving
Een heer en zijn vrouw wonen in een kasteel in komen pas de andere dag terug en laten het kasteel achter in handen van een meid en een oude man. 's Nachts hoort de meid rovers bij de kelder en samen met de man en een zwaard gaat ze ernaar toe. Alle twaalf rovers wordt de kop afgehakt en in de kelder gesmeten. Als beloning voor hun heldendaad krijgen ze van hun baas geld uitbetaald.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 623, verhaal 1
Commentaar
10 april 1969
The Clever Maiden Alone at Home Kills the Robbers
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21