Hoofdtekst
Myn heit wie Mekke Witteveen. Dy syn heit wie Egbert Witteveen. Dat wie myn pake. Dy wie ek tige sterk. Hy wie, lyk as wol mear Witteveens, in bytsje minskeskou.
Hy hie us yn 'e haeijing west achter Ljouwert.
Hy wie op 'e weromreis nei hûs ta. 't Wie nacht. Hy wie omtrint oan Hurdegaryp ta.
Twa man hâldden him oan. Dy roannen mei him op. Hja fregen him: "Hwer komstû wei?"
Hy sei, dat er yn 'e haeijing west hie achter Ljouwert.
"Dan silstû ek wol in pear sinten by dy ha", seinen se.
Dat joech pake ta.
"Dan moesten wy dy mar ha", seinen se.
Pake hie de sinten yn 'e kniksek op 'e rêch. "Even geduld", sei er. "Earst de knikkert der ôf."
Doe pakte er ûnforhoeds ien fan 'e mannen beet, dy't er in eintsje fuortsoalje soe. Mar hy smiet him rejael oer de wyk hinne.
Doe wie de oare ek samar fuort.
Pake moest omke sizze tsjin Sterke Hearke. Hy arbeide kalm en evenredich, krekt as Hearke.

Onderwerp
TM 2801 - Sterke man (vrouw)   
Beschrijving
Mijn vader heet Mekke Witteveen en mijn opa Egbert Witteveen en Egbert is heel sterk en een beetje mensenschuw. Na het hooien achter Ljouwert is hij weg naar huis als hij rond Hurdegaryp staande wordt gehouden door twee mannen die hem vragen waar hij vandaan komt. Als hij zegt dat hij aan het hooien is geweest, vragen de mannen geld. Het geld zit in de knapzak op zijn rug. Dan pakt hij onverhoeds een man vast en werpt hem over de vaart heen en de andere rent weg. Opa zegt oom tegen Sterke Hearke.
Bron
Collectie Jaarsma, rapport 627, verhaal 2
Commentaar
1969, datum onbekend
Sterke man (vrouw)
Naam Overig in Tekst
Mekke Witteveen   
Egbert Witteveen   
Sterke Hearke   
Naam Locatie in Tekst
Ljouwert   
Hurdegaryp   
Hardegarijp   
Leeuwarden   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21