Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ062901

Een sage (mondeling), donderdag 17 april 1969

Hoofdtekst

Der kom us in ynbrekker by in frou allinne yn 'e hûs. Har man wie krekt fuort. De ynbrekker sei tsjin har: "Dyn jild of dyn leven."
De frou sei: "Kom mar yn 'e keamer. Wy ha net folle jild, mar hwat der is, kinst krije."
"Goed", sei de rover.
"Gean dêr mar sitten," sei de frou, "hwant ik bin wend, de minsken dy't ynbrekke, krije earst twa buorrels."
De ynbrekker dronk de twa buorrels op. "Nou mat ik net mear ha", sei er.
Doe sei se tsjin him: "Dû krijst noch ien, en dan sykje ik de sinten op dy't der binne. Mar sa't ik sei, der binne net folle."
"Nou sil 'k earst de krûk wer yn 'e kelder sette," sei se, "hwant as myn man aenst thúskomt, dan kin dy wol tinke, dat ik great mei dy bin."
"Nou ja," sei de rover, "mar nou is 't dan ek gebeurd, hwant dû bigjinst to dwarsbongeljen. Dû avensearst krekt salang om as dyn man thúskomt."
De frou giet achter de ynbrekker lâns. Sy krijt de krûk yn 'e hân en slacht him yn ien klap fuort dea.
Doe kom har man thús. Mar hja hie al mei de rover ôfweefd.


Beschrijving

Een inbreker gaat bij een vrouw langs wiens man net weg is en zegt: je geld of je leven. De vrouw nodigt hem uit in de kamer en na twee borrels zal zij hem het geld geven. Een derde volgt en daarna zegt de vrouw dat ze de kruik naar de kelder gaat brengen voordat haar man thuiskomt. De inbreker zegt haar op te schieten. De vrouw gaat achter hem staan en slaat hem met de kruik met een klap dood. Als haar man weer thuiskomt, heeft ze al met de rover afgerekend.

Bron

Collectie Jaarsma, rapport 629, verhaal 1

Commentaar

17 april 1969

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21