Hoofdtekst
Ook de volgende aantekeningen van Johan Wybenga vond ik nog. Die maakte ik zelf eens. Er staat niet bij of ik ze al verzonden heb, derhalve besloot ik ze maar te sturen:
Hoe't it komt dat der gjin Delfsylsters yn 'e himel binne.
De Delfsylsters wienen froeger freeslike jutters.
Op in kear kom der ien by Petrus by de himelpoarte oan en dy sei tsjin Petrus: "Hawwe jimme hjir ek Delfsylsters?"
"Ja," sei Petrus, "hoedat sa?"
"Wel", sei de oare, en doe bigong er op de Delfsylsters ôf to jaen, dat dat sokke jutters wienen en hy sei in hiele protte raers fan har.
"Kinne jo dat biwize?" frege Petrus.
"Wis", sei de man. "Doch de doar mar ris op in kier."
Petrus die dat. Doe gong dy man dêr achter stean en rôp:
"Schip op strand!"
Dêr kommen de Delfsylsters oanstouwen, de iene al hurder as de oare, allegear ta de doar út.
Doe wie 't biwiis levere.
Petrus liet se der net wer yn en sa komt it dus dat der gjin Delfsylsters yn 'e himel binne.

Onderwerp
SINAT 2403 - Wie die Bewohner von einigen Küstenplätzen aus dem Himmel gelockt werden.
  
Beschrijving
Er zijn geen Delfzijlers in de hemel omdat ze vroeger vreselijke jutters zijn geweest. Een man komt bij de hemelpoort bij Petrus aan vraagt of er ook Delfzijlers in de hemel zijn. De man zegt veel rare dingen over hen en dat het jutters zijn en als bewijs roept hij: schip op strand. De Delfzijler rennen allemaal de hemelpoort uit en mogen er niet mee in.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 635, verhaal 3
Commentaar
8 mei 1967?
Wie die Bewohner von einigen Küstenplätzen aus dem Himmel gelockt werden.
Naam Overig in Tekst
Petrus   
Delfzijler   
Naam Locatie in Tekst
Delfzijl   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21