Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ064206

Een sage (mondeling), vrijdag 09 mei 1969

Hoofdtekst

Ik wie boerefeint op 't Zandt yn Grinslân. Ik slepte yn 't bûthús yn in bêdsté. Op in kear doe't ik dêr lei, hearde ik fuotstappen de mjilgong delgean. Dy kommen rjocht op myn bêdsté ta. It hearde krekt as wie 't ien op klompen. Hy kom by myn bêd en gong op myn boarst sitten. Ik krige 't sa binaud, dat ik ha de hiele nacht noait in wink yn 'e egen dien.
Ik wie fjirtsjin jier. Ik fortelde 't de oare moarns oan 'e boer.
"As dat ien kear wer gebeurt," sei 'k, "dan gean ik hjir wei."
De boer sei: "As ik dêr sliep, haw ik der èk altyd lêst fan. Dû mast tonei achterstofoar op bêd gean en dan mast de klompen mei de hakken tsjin 't bêd oan sette."
Dat haw ik dien en sûnt dy deis haw ik der noait wer lêst fan hawn.

Onderwerp

SINSAG 0791 - Begegnung mit Mahr.    SINSAG 0791 - Begegnung mit Mahr.   

Beschrijving

Een boerenknecht slaapt in de veestal in een bedstee. Op een keer hoort hij voetstappen door de gang naar zijn bed toe komen. De persoon gaat op zijn borst zitten en de hele nacht slaapt de knecht niet. Het blijkt dat de boer het ook al eens heeft meegemaakt. De knecht moet achterstevoren op het bed gaan liggen en de klompen met de hakken tegen het bed aanzetten. Sinds hij dat doet, heeft hij geen last meer gehad van de nachtmerrie.



Bron

Collectie Jaarsma, verslag 642, verhaal 6

Commentaar

9 mei 1969
Begegnung mit Mahr.

Naam Overig in Tekst

't Zandt    't Zandt   

Naam Locatie in Tekst

Groningen    Groningen   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21