Hoofdtekst
Op it Barrahûs hat Kramer wenne. Dy hat my forteld, dat de boeren koenen soldaten krije fan 'e stêd, as se har net fortrouden. Dy koenen se hiere. Sa mat in froegere boer fan 't Barrahûs ek in kear in soldaet hawn ha.
Hwant it gebeurde dat dêr ien kom, dy't se net fortrouden.
Dy persoan wie klaeid as in frommeske. Dy persoan woe dêr sliepe. Doe lieten se gau in soldaet ophelje.
Dy soldaet woe wite of dy slieper in man of in frommes wie. Hy smiet dy persoan in apel ta. As dy yn 'e hannen opheind wurdt is 't in man. Wurdt er yn 'e skoat opheind, dan is 't in frommes. Mar dyselde yn frouljusklean heinde de apel yn 'e hannen op. 't Wie dus in man.
De soldaet hâldde dy nachts de wacht. Hy hie in oanklaeide striepoppe lein op it plak dêr't er dy nachts sliepe soe.
De rover gong dêr de nachts hinne en stuts der yn mei in bajonet.
"Dat is ien", sei er.
Mar de soldaet hie alles sjoen en stuts de rover fuort dea.
"Dat is twa", sei er.
Dêrom stiet dêr in soldaet op it hiem. De rover sit op 't hynder mei in swart skyld. Tsjin 't sket oan, neist oan 'e wei en de soldaet stiet yn 'e tún.

Onderwerp
VDK 0958G* - De appelvangproef   
ATU 0958F* - Test of Sex: Catching an Apple.   
sinVDK 0958G* - Die Fangprobe   
Beschrijving
Bij het Barrahûs komt een keer een vrouw om een slaapplaats vragen. De boer stemt toe, maar vertrouwt haar niet en haalt een soldaat erbij. Die gooit een appel op om te zien of het een man of een vrouw is. Een man vangt hem met de handen en een vrouw in haar schoot. De appel wordt gevangen met de handen, dus is het een man in vrouwenkleding. Die nacht legt de soldaat een stropop in zijn bed neer, die de 'man' vervolgens met een bajonet neersteekt. Daarna doodt de soldaat de 'man'. Daarom staat er op het erf een soldaat en vlakbij de schuttting een rover zittend op een paard met een zwart schild.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 642, verhaal 12
Commentaar
9 mei 1969
De appelvangproef
Naam Overig in Tekst
Barrahûs   
Naam Locatie in Tekst
Kramer   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21