Hoofdtekst
Ritske en Aeltsje wennen oan 'e Houtigehaechsterwyk. Sy hienen in jonkje, dat wie lytse Germ. Dat jonkje rekke bitsjoend. Doe gongen se nei de duvelbander ta. Dy sei: "Jimme matte it kessen iepensnije, dêr't it bern op leit. En dat matte jim goed neisjen. As dêr trije krânsen yn sitte en dy binne alle trije klear, dan is 't bern net mear to rêdden.
Binne se noch net alle trije klear, dan matte jimme hinnegean en slút alle iepeningen fan 't hûs goed ôf: de skoarstien, it kaeisgat, it goatsgat, de reten en fan alles.
Dan matte jimme dy krânsen yn wetter siede.
Dan komt de tsjoenster op 'e lappen."
Dat ha se dien en doe kom Lutske by harren oan 'e doar.
(Lutske wie in tsjoenster, dy wenne oan 'e Houtigehaechsterwyk (= Skoallewyk)). De doar siet fêst en Lutske koe der net yn komme. Sy fleach by de finsters op en sy krolle fan 'e pine.
Doe wisten se hwa't it bern bitsjoend hie.

Onderwerp
SINSAG 0627   
Beschrijving
Germ is de zoon van Ritske en Aeltsje uit de Houtigehaagsterwijk. Het kind is behekst en de duivelbanner zegt hen het kussen open te snijden en naar drie kransen te zoeken. Zijn ze allemaal klaar, dan is het kind niet meer te helpen. Is dit niet zo, dan moeten ze alle kieren en gaten van het huis goed dichtstoppen en de kransen in water koken. Lutske de heks komt bij hen aan de deur en komt er niet in. Ze vliegt tegen de ramen op en kronkelt van de pijn. Het kind is inderdaad behekst.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 644, verhaal 8
Commentaar
20 april 1969
Hexe durch Verbrennung eines magischen Mittels gequält & TM 3101: Heks maakt kind (mens) ziek
Naam Overig in Tekst
Ritske   
Aeltsje   
Houtigehaagsterwijk   
Germ   
Lutske   
Naam Locatie in Tekst
Houtigehaechsterwyk   
Skoallewyk   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21