Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ065213

Een sage (mondeling), maandag 12 mei 1969

Hoofdtekst

Yn 'e Westerein wenne Sterke Dedde. Dy ried mei in tsiiswein Grinslân yn en sliepte nachts by de boeren.
Op in joun kom er wer ris by in boer.
De boer sei: "Soenen jimme ek even mei nei 't lân kinne? De bolle is út it lân brutsen en is by de melke beesten."
De boer en syn folk hienen al in pear kear prebearre de bolle dêr by wei to heljen, mar de bolle wie sa lulk, dat dan naeiden se wer út.
Doe't de boer Dedde frege, sei dy: "Goed, ik sil wol mei gean, mar as ik ienkear yn 't lân bin, en jim binne bang, dan meije jim net fuortrinne."
Dat biloofden se. Sy gongen allegear meimekoar it lân yn.
Mar doe kom de bolle der oan. Hy joech in raer lûd en hâldde de kop foardel mei de greate hoarnen foarút. Sa fleach er lyk op 'e minsken yn. Sy roannen allegear fuort, op Dedde nei.
Dy bleau stean. Doe't de bolle oan him ta wie, pakte er him by de beide hoarnen beet. Doe die er sa in knik mei de bolle, dat doe lei dy op 'e groun.
Doe kommen de oaren der ek by.
"Hoe liket it?" sei de boer.
Dedde sei: "Ik ha myn leven der oan weage, mar it hat syn kop koste. Ik haw him de nekke brutsen."
De bolle stie net wer op.


Onderwerp

TM 2801 - Sterke man (vrouw)    TM 2801 - Sterke man (vrouw)   

Beschrijving

Een boer vroeg een sterke kaasverkoper eens te helpen bij het vangen van een losgeraakte stier. Toen de stier met zijn hoorns in de aanval op Sterke Dedde afkwam, greep deze hem bij de hoorns. Hij brak het dier z'n nek.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 652, verhaal 13

Commentaar

12 mei 1969
Sterke man (vrouw)

Naam Overig in Tekst

Sterke Dedde    Sterke Dedde   

Naam Locatie in Tekst

Westerein    Westerein   

Westereinde    Westereinde   

Grinslân    Grinslân   

Groningen    Groningen   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21