Hoofdtekst
Tsjin ús heit seinen se altyd Harm Hoanne. Heit moest altyd noch sinten ha fan myn omke Harm (Veenstra).
't Wie krekt in ryksdaelder. Doe trof er omke op in kear yn 'e lannen.
Heit sei tsjin him: "Nou wol 'k myn ryksdaelder ha."
"Ik ha gjin sint", sei omke. Hy stammere de wurden altyd sa'n bytsje.
Doe sei heit: "Dan slach ik dy de harsens yn, âlde duvel datste biste."
Doe sei er mei in kraeijerich lûd: "Tuke, krij my nou mar." En hy sloech de beide earms út en sa fleach er oer de dyk hinne.
Doe sei ús heit: "Nou hie ik noch noait in minske fleanen sjoen, mar nou ha 'k dan ien sjoen."
Hy hat syn ryksdaelder noait krige.
(Harm Veenstra, dat wie Stammerige Harm)

Beschrijving
Een man kreeg nog altijd een rijksdaalder van een familielid. Toen hij hem eens tegenkwam, vroeg hij het geld terug. Maar de man weigerde te betalen, en vloog weg.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 653, verhaal 11
Commentaar
15 mei 1969
Naam Overig in Tekst
Harm Veenstra   
Stammerige Harm   
Stotterende Harm   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21