Hoofdtekst
Der sieten us hwat manlju byinoar yn 'e herberch. 't Is al hiel lang lyn. Sy hâldden in weddenskip. Ien fan 'e mannen woe biweare, dat der soenen skielk izeren skippen farre.
Dat woenen de oaren net leauwe. De skippen soenen altyd fan hout bliuwe. Izer dat soe sinke.
Doe sei de man: "Ik sil 't jim biwize." Hy sei tsjin 't kastleinske: "Ha jo in izeren panne?"
"Jawol", sei se, en sy helle ien op.
Doe sette dy man dy panne yn 't wetter en hy dreau.
"Hoe kin dit?" seinen de oaren. De man krige gelyk.

Beschrijving
Een man beweerde lang geleden eens dat er in de toekomst boten van ijzer zouden varen. De anderen geloofden er niets van, totdat hij liet zien dat een ijzeren pan ook in het water bleef drijven. Het is uitgekomen.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 655, verhaal 6
Commentaar
2 mei 1969
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21