Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ065601

Een sage (mondeling), 99-99-99 99-99-99 (foutieve datum)

Hoofdtekst

Alde Tabe Kooistra fortelde ris, hy en Koen hienen achter Kollum wenne, doe hienen se ris op in joun to praten west. Der lei snie, 't wie yn 'e winter en de wegen wienen iensum. Hja hienen kaertspile.
't Wie moai ljochtmoanne-waer.
"Hea," sei Koen, "dêr komt ek noch ien oan."
Hwat tichterby dyselde kom, hwat greater hy woarde.
Op 't lêst wie 't in keardel, sa great as in reus.
"Ik hâldde Koen stiif beet," sei Tabe, "sa binaud woarde ik. Hy wie njonken ús. Ik doarst net mear nei him to sjen. Doe't er ús passeard wie, seagen wy beide om. Doe wie der neat mear.
Neat to sjen, ek gjin printen yn 'e snie, dy't er achterliet.
Wy hienen noch 'joun' sein, út kleare binaudens, mar hy sei neat werom.
De oare moarns ha wy noch us nei syn fuotstappen socht yn 'e snie. Mar wy founen neat, net in inkele fuotleast fan him; allinne ús eigen mar. En hy is ús doch oan 'e klean passeard. Hoe kin soks!"


Onderwerp

SINSAG 0253 - Plagegeist zeigt sich als langer Mann    SINSAG 0253 - Plagegeist zeigt sich als langer Mann   

Beschrijving

Twee mannen kwamen eens terug van een avondje kaarten, toen ze een hele lange man passeerden. Hij was wel zo lang als een reus. Toen ze omkeken, was de man opeens verdwenen. Ook waren er geen voetafdrukken in de sneeuw van hem.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 656, verhaal 1

Commentaar

onbekend
Plagegeist zeigt sich als langer Mann

Naam Overig in Tekst

Tabe Kooistra    Tabe Kooistra   

Koen    Koen   

Naam Locatie in Tekst

Kollum    Kollum   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21