Hoofdtekst
Myn man hie in neef, dat wie Ielke Hottes Kooistra, dy hie yn syn jonge jierren forkearing mei in sekere Tiet. Dy wenne yn 'e kolonjes yn Broek.
Doe seinen se ris in kear tsjin Ielke: "Wytst wol dat it in tsjoenster is?"
"Né", sei er.
"Nou," seinen se, "it is wol degelik sa."
"Dan meitsje ik it snein-to-joun út," sei er, "as ik wer by har kom."
En dat hied er ek dien. Mar doe sei Tiet tsjin him: "Dû komst net thús."
Hy wie op stap gong nei hûs ta, mar doe't er healwei de Boppewei wie, dêr't de Swette is, wied er stean bleaun. Hy koe net in stap fierder komme.
Op 't lêst wied er werom gien, wer nei har ta en hy hie sein: "Hwat hast nou om hâns? Ik mat nei hûs."
Hja hie lake en sein: "Ik hie tsjin dy sein: - Dû komst net thús -."
Doe sei er: "Ik mat mar wer op 'e âlde foet fuort, ik kom takomme snein wer by dy." Mar dêr miende er neat fan, mar hy tochte: "Ik mat sjen, dat ik thús kom."
"Nou," sei se, "gean dan mar nei hûs."
Doe wied er dan gau thús west, mar hy kaem net wer by har.

Onderwerp
SINSAG 0750 - Andere Zauberei.   
Beschrijving
Een jongen hoorde dat zijn meisje een heks was, en hij maakte het uit. Ze zei dat hij dan niet thuis zou komen. Halverwege de terugweg kon de jongen opeens niet meer verder lopen, hij bleef stijf staan. Hij ging weer terug naar het meisje en beloofde de week erna weer te komen. Toen liet ze hem naar huis gaan. Maar hij is nooit meer teruggegaan.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 657, verhaal 9
Commentaar
26 januari 1969
Andere Zauberei
Naam Overig in Tekst
Ielke Hottes Kooistra   
Tiet   
Swette   
Naam Locatie in Tekst
Broek   
Boppewei   
Bovenweg   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21