Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ065903

Een mop (mondeling), zaterdag 10 mei 1969

Hoofdtekst

Der wie in stel minsken fan 'e ierde, dy gongen nei Mars. Sy praetten mei de Marsbiwenners en doe fregen se, hoe't se dêr oan bern kommen op Mars. Sy seinen: "Wy ha hjir in fulkaen en dêr in fulkaen, dêr dogge wy hwat jiske fan byinoar en dêr formearje wy de bern út."
Doe sei de man, dy't dat frege: "Hoe kinne jim dan wite of it in jonkje of in famke wurdt?"
De Marsman sei: "Dat is hiel ienfâldich. Wy nimme fan 'e iene hwat mear jiske en fan 'e oare hwat minder. Dat is in forskil yn samenstelling."
Doe seinen de Marsbiwenners: "Nou matte jim ekris fortelle hoe't it by jimmes giet."
Doe seinen de ierdbiwenners: "Goed, mar dat matte wy even demonstrearje. Oars kinne jim jimme dêr gjin foarstelling fan meitsje." En doe dienen se dat ek.
Doe't dat gebeurd wie seinen de minsken op Mars: "Mar hwer binne dy bern nou?"
Sy seinen: "Ja, dêr matte wy noch njoggen maenden op wachtsje."
Doe seinen de Marsbiwenners: "Nou, hwerom ha jim jim dan op dat lêste ogenblikje sa ôfgyslik drok makke?"


Beschrijving

Aardebewoners vroegen eens aan Marsbewoners hoe zij kinderen maakten. Het antwoord was dat ze wat spul van twee vulkanen bij elkaar deden, en zo ontstond een kindje. Toen de Marsbewoners aan de Aardebewoners vroegen hoe zij dat dan deden, zeiden ze dat ze dat beter konden demonstreren dan uitleggen. Nadat ze dat gedaan hadden, vroegen de Marsbewoners waar het kind dan nu was. Toen ze hoorden dat ze daar nog negen maanden op moesten wachten, vroegen ze waarom ze zich op het laatst dan zo druk gemaakt hadden.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 659, verhaal 3

Commentaar

10 mei 1969

Naam Locatie in Tekst

Aarde    Aarde   

Mars    Mars   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21