Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ066413

Een sage (mondeling), dinsdag 13 mei 1969

Hoofdtekst

Hearke wie ek stille plysjes, Hy moest ris op in kear jild bringe fan Bûtenpost nei Ljouwert ta. Doe't er yn 'e buert fan Burgumerheide wie, kommen der twa manlju ta de wâl út. 't Wienen rovers.
Sy seinen: "Je geld of je leven."
"Dat kin wol", sei Hearke, en hy naem de ponge mei jild fan 't skouder en sette him op 'e groun del. Doe't de iene him bûgde om him to pakken krige Hearke him beet en slingere him yn 'e sleat.
De oare rover pakte er ek beet, mar dy naem er mei nei Ljouwert ta. Dy koe net wer loskomme.
Doe't se yn Ljouwert oankommen, sei Sterke Hearke: "Nou matte wy earst mar in bakje kofje keapje, tinkt my." Sy gongen ta in herberch yn. De rover wie bang. Hy tocht: "Nou bringt er my aenst nei 't plysjebero ta."
Doe't se de kofje op hienen, bitelle Hearke en sei tsjin 'e rover: "Nou giestû mar wer nei hûs ta, mar tink der om en lap my sokke dingen noait wer."


Onderwerp

TM 2801 - Sterke man (vrouw)    TM 2801 - Sterke man (vrouw)   

Beschrijving

Sterke Hearke was ook bij de stille politie. Op een keer bracht hij een zak met geld van Buitenpost naar Leeuwarden, toen twee mannen hem wilden beroven. De een gooide hij in het water en de ander sleepte hij mee naar een kroeg in Leeuwarden. Vandaar stuurde hij hem weer naar huis.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 664, verhaal 13

Commentaar

13 mei 1969
Sterke man (vrouw)

Naam Overig in Tekst

Sterke Hearke    Sterke Hearke   

Naam Locatie in Tekst

Bûtenpost    Bûtenpost   

Buitenpost    Buitenpost   

Ljouwert    Ljouwert   

Leeuwarden    Leeuwarden   

Burgumerheide    Burgumerheide   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21