Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ066415

Een sage (mondeling), dinsdag 13 mei 1969

Hoofdtekst

Berga wie plysje yn Grinzer Pein. Hy wie almeugende sterk. Hy wie mear as twa m. lang en hy woech trijehûndert poun.
Jumbo neamden se him. Syn frou libbet noch, dy is in goeije tachtich jier. Hy komt fan 'e Haule. Hy hat plysje west yn Haulerwyk en yn Grinzer Pein. Ek yn Grins. Hy wie almeugende sterk. To Grins pakte er twa studinten dy't net om lyk woenen. Under elke earm droech er ien, sa brocht er se nei 't plysjebero ta. Berga werkte froeger ek yn Dútslân. Hy wie tige gewant, mar 't misstie him net. Mei de minsken hied er noait lêst. Hy hie de frees der wol yn, mar 't wie in gemoedelike man, dy't net gau preses makke.


Onderwerp

TM 2801 - Sterke man (vrouw)    TM 2801 - Sterke man (vrouw)   

Beschrijving

Er was vroeger een agent die langer was dan twee meter en meer dan 300 pond woog. Jumbo werd hij genoemd. Op een keer hadden twee studenten in Groningen ruzie met elkaar. Hij nam ze elk onder een arm en droeg ze zo naar het politiebureau.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 664, verhaal 15

Commentaar

13 mei 1969
Sterke man (vrouw)

Naam Overig in Tekst

Grinzer Pein    Grinzer Pein   

Naam Locatie in Tekst

Berga    Berga   

Jumbo    Jumbo   

Haule    Haule   

Haulerwyk    Haulerwyk   

Grins    Grins   

Groningen    Groningen   

Dútslân    Dútslân   

Duitsland    Duitsland   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21