Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ066801

Een mop (mondeling), maandag 02 juni 1969

Hoofdtekst

Op in middei kommen yn Surhústerfean de bern út skoalle. Jan Hepkes siet thús.
"Hark," sei er tsjin Tsjits, syn suster, "hwat gûle dy bern. 'k Mei der wol even hinne om to sjen hwat der oan skeelt."
Doe Jan nei dy bern ta. "Hwerom gûle jim sa?" sei er.
Doe seinen dy bern: "Us bakkerts en knikkerts lizze allegear yn 'e feart."
Doe sei Jan: "Ik sil jim helpe, hear."
Hy sei tsjin Tsjits: "Helje my de looplearzens even fan 'e souder." Jan luts se oan en doe sprong er yn 'e feart.
"Ik dûkte in pear kear," sei Jan, "en dêr hie 'k se. Ik foun ek noch in dikke stien. Dy hienen se fêst by 't piksjitten brûkt, dy nom ik èk mei. Doe ik der út en op 'e wâl. Ik wie fansels kletstrochwiet.
Doe't ik op 'e wâl stie fornom ik dat ik ek noch fjouwer en twintich poun iel yn 'e learzens hie."
Krekt kom dokter Keizer der oan mei de wein.
"Ha jo der yn sitten?" sei er tsjin Jan.
"Hwat ha jo dêr?" sei dokter.
"'k Ha bakkerts en knikkerts en ielen", sei Jan.
Dokter sei: "Kin 'k dêr ek hwat fan oernimme?"
"Gjin sprake fan," sei Jan, "Tsjits bakt se yn 'e koepanne en dan peuzelje wy se togearre lekker op."


Onderwerp

AT 1895 - A Man Wading in Water Catches Many Fish in his Boots    AT 1895 - A Man Wading in Water Catches Many Fish in his Boots   

ATU 1895 - A Man Wading in Water Catches Many Fish in his Boots.    ATU 1895 - A Man Wading in Water Catches Many Fish in his Boots.   

Beschrijving

Jan Hepkes haalde eens voor een paar kinderen de knikkers uit een sloot. Hij vond ook nog een grote steen, en zijn laarzen raakten vol aal.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 668, verhaal 1

Commentaar

2 juni 1969
A Man Wading in Water Catches Many Fish in his Boots

Naam Overig in Tekst

Jan Hepkes    Jan Hepkes   

Tsjits    Tsjits   

Naam Locatie in Tekst

Surhústerfean    Surhústerfean   

Surhuisterveen    Surhuisterveen   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21