Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ066906

Een sage (mondeling), woensdag 14 mei 1969

Hoofdtekst

Wy hienen in famke, dat wie altyd gammel en siik. Doe kom der ris in kear in sekere Filippus by ús. Dy sei: "Hwat is hjir to rêdden? Is jimme fanke siik?"
"Al in hiel skoft", sei 'k.
Hy sei: "Jimme matte nei de duvelbander, hwant der sil wol hwat oars achter sitte. Jimme bern sil wol bitsjoend wêze. Ha jim it kessen al ris iepenmakke?"
Doe makken wy it kessen iepen en doe sieten dêr trije dikke hurde krânsen yn.
Doe is myn man nei de duvelbander ta gong; dat wie greate Wopke fan Kûkherne. Wopke sei, it bern wie bitsjoend.
Dêr wie 't sa gammel fan. De trije krânsen moesten forbrând wurde en de kessens ek. Alles moest earst tichtmakke wurde, ek de kaeisgatten.
Wopke joech duveldrek mei, dat moesten wy ûnder 'e drompels dwaen en myn man krige ek in drankje mei foar it bern.
"Ik tink," sei er, "dat dat âlde wiif it dien hat, dy matte jim yn 'e rekken hâlde." Dat wie âlde Marijke.
Wy ha alles dien sa't er sei en 't bern is wer opknapt.


Onderwerp

TM 3104 - Duivelsdrek als afweer    TM 3104 - Duivelsdrek als afweer   

Beschrijving

Mensen vonden eens drie kransen in het kussen van hun zieke kind. Ze gingen naar de duivelbanner. Het kind was betoverd. De kransen moesten verbrand worden, en alle gaten in huis moesten dichtgemaakt worden. Ook moesten ze duivelsdrek onder de drempel doen, en het kind een drankje geven. Dat hebben ze allemaal gedaan, en toen is het kind weer beter geworden.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 669, verhaal 6

Commentaar

14 mei 1969
Duiveldrek als afweer

Naam Overig in Tekst

Filippus    Filippus   

Wopke    Wopke   

Marijke    Marijke   

Naam Locatie in Tekst

Kûkherne    Kûkherne   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21