Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ067001

Een mop (mondeling), donderdag 31 oktober 1968

Hoofdtekst

Der wienen trije poepen, dy woenen de Fryske tael leare.
Sy soenen goed acht slaen op hwat de minsken hjir seinen.
Se wienen ûnderweis nei in boer ta.
Doe kom dêr in heit oan mei in jonkje neist him.
Dat jonkje sei: "Sjoch, heit, trije poepen."
De earste poep sei: "Dat sil 'k goed ûnthâlde: Trije poepen."
In eintsje fierder seagen se in timmerman. Dy hie krekt in planke sage. Dêr seach er by lâns. Dy sei: "Dat is rjocht."
De twadde poep sei: "Dat sil ik goed ûnthâlde: Dat is rjocht."
Wer in eintsje fierder seagen se in faem, dy siet ûnder in kou to melken. De kou woe net om, doe sei se: "Om, kou."
De trêdde poep sei: "Dat sil ik goed ûnthâlde: - Om kou -"
In skoftsje letter founen se in deade keardel. Dy wie formoarde woarn. Doe gongen se mei har trijen nei 't gerjocht ta.
Doe frege de rjochter har: "Hwa hat dat dien?"
De earste poep sei: "Trije poepen."
Doe frege de rjochter: "En hwerom ha jim dat dien?"
De twadde poep sei: "Om kou."
"Dan binne jimme strafber", sei de rjochter string.
De trêdde poep sei: "Dat is rjocht."


Onderwerp

AT 1697 - "We Three; For Money"    AT 1697 - "We Three; For Money"   

ATU 1697 - “We Three; For Money.”    ATU 1697 - “We Three; For Money.”   

Beschrijving

Drie poepen wilden graag Fries leren. Ze luisterden goed naar wat de mensen om hen heen zeiden. Toen ze vervolgens bij een rechter moesten komen omdat ze een vermoorde man hadden gevonden, antwoordden ze met de zinsdelen die ze onthouden hadden. In die context kregen de antwoorden hele andere betekenissen.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 670, verhaal 1 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

31 oktober 1968
"We Three; For Money"

Naam Overig in Tekst

Poepen    Poepen   

Duitsers    Duitsers   

Fries    Fries   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21