Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ067612

Een sage (mondeling), zaterdag 17 mei 1969

Hoofdtekst

Rudolf de Mepse fan 't Faan wie in beul.
De minsken kommen by him to freegjen om wurk.
"Ha jim gjin wurk?" frege er.
"Né", seinen se. Dan woarden se boeid. Hy hie bijsjagers (syn soldaten), dy sloegen har yn 'e boeijens en dan woarden se nei de stâl ta sleept en oan 't ket slein.
Sy woarden ek wol mei hannen en fuotten fêstspikere oan 't sket.
As der guon kommen, sei er: "Jimme matte myn fé ek ris sjen."
Dan liet er dy minsken op 'e stâl sjen.
Dan frege er harren hoe't se it founen.
As se seinen "moai", dan kommen se dêr ek. As se der raer fan woarden, dan like goed.
Yn Súdhorn hat er minsken forbrânne litten.
Ek yn Faan. De minsken dy't forbrânden, raesden hiel bot.
Doe sei er: "Hoor die muizen eens piepen."
Alle jierren is der op dy dei fan 'e brân to Faan in read plak oan 'e loft.
Rudolf wie grytman en rjochter fan Faan en omgeving.
Hy seach op 't lêst neat mear as luzen. Alles hwat er oanrekke of opiet, wienen yn syn egen luzen.

Beschrijving

De beul van Faan was nogal sadistisch.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 676, verhaal 12

Commentaar

17 mei 1969

Naam Overig in Tekst

Rudolf Mepse    Rudolf Mepse   

't Faan    't Faan   

Zuidhoorn    Zuidhoorn   

Naam Locatie in Tekst

Súdhorn    Súdhorn   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21