Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ068103

Een mop (mondeling), zondag 15 juni 1969

Hoofdtekst

Der wie in jongfeint, dy kom by de dokter. De dokter frege him: "Hwat wie der?"
De jongfeint sei: "It iten smakket my net, en ik ha gjin nocht oan 't wurk en al sa mear."
"Soa", sei de dokter. Doe skreau er him tabletten foar foar in wike.
Hie er dy op, dan moest er mar wer komme.
Tidens de wike dat er dy tabletten brûkte mocht er net smoke. "O," sei de jongfeint, "dat is gjin beswier, hwant smoke doch ik net." Doe't de tabletten op wienen kom de jongfeint wer by de dokter.
"Nou," sei de dokter, "hoe is 't?"
"'t Is noch presys 't selde", sei de feint.
"Dan sil 'k jo oare tabletten jaen," sei de dokter, "wer foar in wike. As jo dy op ha, moatte jo mar wer komme. Mar yn dy wike meije jo net in konjakje of in pilsje nimme."
"Dat hindert neat, dokter," sei de feint, "hwant ik brûk noait alkohol."
Nei in wike kom er werom.
"Hoe is 't?" frege de dokter, "al aerdich opknapt?"
"Né dokter," sei de feint, "it is noch presys itselde."
Doe sei de dokter: "Wit jo hwat? Dan sil ik jo in spuit jaen. Mar dan meije jo jo in wikelang abslút net mei dames bimuoije. Kin 'k dêr op bitrouwe?"
Doe sei dy feint: "Dokter, dat hindert abslút neat, hwant ik bin in frijgesel en dat hoopje 'k altyd to bliuwen."
De dokter stie nei dit antwurd even to prakkisearen. Hy tocht: "Gjin sigretten, gjin alkohol, gjin froulju -"
Doe sei er: "Dan krije jo ek gjin spuit, hwant dan binne jo gjin skop ûnder 'e kont wurdich. Hoepelje mar gau op!"


Beschrijving

Een jongeman kwam bij de dokter. Hij klaagde dat hij al een week geen trek in zijn eten had, en geen zin om te werken. De dokter gaf hem voor een week pillen mee, waarbij hij niet mocht roken. Dat vond de jongeman geen probleem, want hij rookte toch niet. De week erna kreeg hij nieuwe pillen, waarbij hij niet mocht drinken. Ook dat deed de jongeman nooit. De derde week was hij nog niet beter. De dokter wilde hem een spuit geven, maar dan mocht hij een week niet vrijen. Ook dat vond de jongeman geen probleem, dat deed hij toch nooit. Toen zei de dokter dat hij dan ook geen spuit kreeg, want als hij niet rookte, niet dronk en niet vree, dan was hij nog geen schop onder zijn kont waard.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 681, verhaal 3

Commentaar

15 juni 1969

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21