Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ068601

Een mop (mondeling), juli 1969

Hoofdtekst

Der wie us in kear in pastoar, dy wie noait rjocht by 't spul. Der mankearde him hwat. Op in kear sei er tsjin Jan, syn feint: "Sjoch, hjir hastû myn wetter yn in flesse. Gean dêr mei nei de kwaksalver ta."
Dat wie goed. Jan gong op stap.
Dy jouns kom er by in herberch, dêr woed er mar oernachtsje. Hy sei tsjin 'e kastlein: "Sjoch, biwarje jo dit fleske salang. Der mat goed op past wurde, hwant dêr sit it wetter fan ús pastoar yn."
De kastlein biloofde dat, en doe gong Jan op bêd.
Mar dy nachts krigen de kastlein en 't wiif rúzje, en hoe 't krekt kom, dat wyt ik net, mar it fleske mei wetter rekke der by stikken en alle wetter fan 'e pastoar forpuozze.
Hwat doe it kastleinske to dwaen hie, dy socht in oar fleske op en die dêr in mieltsje fan har sels yn. Dat Jan fornom der de oare deis neat fan doe't er mei hiel oar wetter syn reis forfette.
Sa kom er by de kwaksalver. Doe't dy it wetter bisjoen hie, sei er: "Dejinge fan hwa't dit wetter is, dy is yn forwachting."
Mei dat boadskip kom Jan thús: de pastoar moest bifalle. Doe gebeurde it op in kear, dat de pastoar ergens bûtendoar yn 't fjild út 'e broek moest.
Hy siet noch mar krekt of dêr skeat in hazze achter him wei, dy't dêr sitten hie.
De pastoar woarde kjel en tocht net oars as dy hazze, dat wie in produkt fan him. "Duvels ding," sei er, "it is datst myn bern biste, oars skeat ik dy fuort dea."


Onderwerp

AT 1739 - The Parson and the Calf    AT 1739 - The Parson and the Calf   

ATU 1739 - The Clergyman and the Calf.    ATU 1739 - The Clergyman and the Calf.   

Beschrijving

Een pastoor was al een tijdje niet lekker, en hij stuurde zijn knecht met zijn urine naar een kwakzalver. Onderweg overnachtte de knecht in een herberg, en hij vroeg de kastelein om op het flesje te passen. Per ongeluk liet de kastelein toen de fles breken. Hij besloot een ander flesje te vullen met de urine van zijn vrouw. De volgende dag vertelde de kwakzalver dat degene van wie de urine was, zwanger was. Dit vertelde de knecht aan de pastoor. Niet veel later moest de pastoor onderweg eens nodig uit de broek. Juist op dat moment schoot er achter hem een haas langs. De pastoor was ervan overtuigd dat hij het dier gebaard had.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 686, verhaal 1

Commentaar

juli 1969
The Parson and the Calf

Naam Overig in Tekst

Jan    Jan   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21