Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ069003

Een sage (mondeling), vrijdag 23 mei 1969

Hoofdtekst

Tsjoensters kinne prachtich sjonge.
Op in nacht siet ik by Wibe Postma yn 'e apelbeam.
Dêr wienen sawn tsjoensters: seis froulju en ien man. Guon dêrfan koe 'k wol. 't Wie in hiel tsjoensterslaech.
Wylst ik dêr sa yn dy beam siet hearde ik nei it sjongen. It klonk moai yn 'e nacht.
Sy kommen op 'e apelbeam yn, dêr't ik yn siet. Dêr siet in swart skiep ûnder. Sy strieken it skiep oer de bealch. Sy seagen my net.
Mar de frou fan Wibe Postma dy sukkele. Dat woe mar net opknappe. Doe, de winters, sei 'k tsjin Postma: "Jou frou rekket noait wer better."
"Hoenou sa?" sei er.
"Hja sit ûnder kweade minsken," sei 'k, "tsjoensters!"
Doe sei 'k tsjin him: "Mei ik it earste wetter fan Ytsje ha?" (Ytsje wie syn wiif)
"Hwat wolst dan?" frege er.
"Dan wol 'k even nei Wopke ta", sei 'k.
Doe krige ik it earste wetter fan 'e moarn fan Ytsje yn in fleske en dêr bin 'k mei nei Kûkherne stapt.
Ik liet Wopke it wetter sjen.
Wopke sei: "Mast even tiid dwaen, dan sil 'k it ûndersykje." Ik wachte even. Op 't lêst kom er wer by my.
"Wytste hwat dy frou mankeart?" sei er.
"Né", sei 'k.
"'t Is dyn frou net, wol?"
"Né", sei 'k.
"Dy frou sit ûnder 'e tsjoensters, jonge", sei er. "Hjir hast in drankje en dat mast yn 'e bûse stekke. Tink der om, net in minske mei 't sjen. Doe sei er: "Yn 'e Kûkhernster lannen komt dy aenst ien yn 'e mjitte, in frommes. Dy freget dy hwerst' hinne west hast. Mar dû mochst niks sizze.
En dan komst thús. Dan mast der om tinke dat se de kaeisgatten en de skoarstien en alles goed tichtmeitsje en der matte blinen foar de glêzen. En dan matte se even yn 't kessen sjen, hwat dêr yn sit."
It gebeurde krekt sa. Ik kom in frommes tsjin dy't my frege hwer't ik hinne west hie. Mar ik joech har gjin biskie. Doe't thús alles goed ticht wie ha wy 't kessen neisjoen. Dêr sieten twa greate grouwe ballen yn. Dy wienen fan fear, mar dêr siet fan allerhande spul tusken, dat se deis brûkten. En der siet ek skieppewolle troch. De trêdde bal wie noch net klear.
Se dienen de ballen yn in greate pot. Dêr woarde it deksel op dien, doe fjûr der ûnder en sa woarden se opbarnd.
Ytsje hat de drank opbrûkt en sy is wer better woarn.
Ik koe net forstean hwat dy sawn tsjoensters doe songen. De wolle fan 't swarte skiep brûkten se foar de krânsen.

Onderwerp

TM 3106 - Het drankje van de duivelbanner    TM 3106 - Het drankje van de duivelbanner   

Beschrijving

Een man had zich eens verstopt in een appelboom. Onder zich zag en hoorde hij zeven heksen zingen, zes vrouwen en een man. Ze hadden een zwart schaap bij zich. Tegen de man van een zieke vrouw zei hij toen dat de vrouw betoverd was. Hij ging met haar urine naar Wopke, de duivelbanner in Kûkherne. Die zei ook dat de vrouw betoverd was. Hij gaf een drankje mee en de waarschuwing onderweg uit te kijken voor een vrouw die wilde weten waar hij naar toe zou gaan. Inderdaad vroeg een vrouw op de terugweg aan de man waar hij naartoe ging. Hij gaf geen antwoord. Bij de zieke vrouw aangekomen, maakten ze alle gaten in huis dicht. In het kussen van de vrouw vonden ze twee ballen, met daarin onder meer zwart schapenhaar. Deze ballen verbrandden ze. De vrouw dronk van het drankje en werd weer beter.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 690, verhaal 3

Commentaar

23 mei 1969
Het drankje van de duivelbanner

Naam Overig in Tekst

Wopke    Wopke   

Wibe Postma    Wibe Postma   

Ytsje Postma    Ytsje Postma   

Naam Locatie in Tekst

Kûkherne    Kûkherne   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21