Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ069410

Een sage (mondeling), zaterdag 05 juli 1969

Hoofdtekst

Febrewaris wie hjir fan âlds de bisitersmoanne. Dan woarden der feinten en fammen útnoege. De fammen soargen foar thé, de jonges foar molke. Mar der wienen altyd jonge bazen ûnder, dy namen ek noch hwat oars mei en dat wie yn 'e regel drank.
Oare jonge bazen woenen dêr har poarsje ek wol fan ha.
Mar dy wienen net noege. Doe gebeurde 't op in kear dat ien fan 'e jonge bazen de oaljeklean fan syn heit oanluts en dêr die er in wyt lekken omhinne. Sa roan er troch de buorren op in draf. Wylst sloech er hyltyd mei de hannen op it lekken, dêr't de oaljejas ûnder siet. Dat klettere dan krekt sa as de earen fan in pleachbeest. Dat de lju roannen út 'e hûs wei. Hy lokke se der út. Ek it hûs fan 'e fammen en feinten dy't bisitersjoun hâldden, rekke leech. Doe gongen de maten fan it 'pleachbeest', dy't it meiïnoar iens wienen gau hinne en hellen de drank út 'e hûs en dat dronken se meielkoar op.


Beschrijving

Op een avond waren de knechten en meiden bij elkaar om wat te drinken. Een man deed een oliejas aan, met daaroverheen een wit laken. Hij sloeg op de jas, zodat het net klonk als het oorklapperen van een plaagbeest. Alle mensen renden hun huizen uit, ook de knechten en meiden. Vrienden van de verklede man gingen snel dat huis binnen, en haalden er alle drank weg en dat dronken ze samen op.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 694, verhaal 10

Commentaar

5 juli 1969

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21